Meirindei foar MKB-personiel

19 jul 2010 - 17:33

De Keamer fan Keaphannel wol dizze hjerst trijehûndert minsken út it midden- en lytsbedriuw in dei fan wurkplak ruilje litte. Se kinne sa nije ideeën opdwaan en ûnderfinings útwikselje. De Stenden Hegeskoalle begeliedt de grutte wurkplakruilaksje.

De Keamer fan Keaphannel wol mei de ruilaksje bydrage oan de sosjale ynnovaasje yn it MKB. Dat betsjut dat der optimaal gebrûk makke wurdt fan wat meiwurkers kinne. De ruildagen falle tusken 8 en 12 novimber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)