Meiprate op Steatemerk

28 aug 2014 - 18:46
  • Provinsjehûs yn Ljouwert

Yn it provinsjehûs yn Ljouwert wurdt nije wike woansdei in earste Steatemerk hâlden. De merk wurdt organisearre troch Provinsjale Steaten. Doel is dat Friezen der meiprate oer de ûnderwerpen dy't trije wiken letter yn de steategearkomste behannele wurde. De steateleden wolle graach hearre wat Friezen fan dy ûnderwerpen fine. By de earste merk stean ûnder oare de oanpak fan oerlêst troch guozzen en in tunnel yn Hurdegaryp op de wurklist. De merk duorret fan fjouweren oant seizen en wurdt tenei foar elke steategearkomste hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)