Meiprate oer spoarline

06 okt 2010 - 19:12

Ynwenners fan Fryslân en Grinslân kinne meiprate oer de plannen foar de spoarline Hearrenfean-Grins. De provinsjes en de gemeenten dêr't de trein trochhinne komt, organisearje dêr ynformaasjebyienkomsten foar.

Fryslân en Grinslân ûndersykje op it stuit oft de plannen helber binne. Dêr wolle se de minsken safolle mooglik yn behelje. Begjin takom jier wurdt besletten oft de plannen trochset wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)