Meiprate oer opset Peije Dei

10 jul 2013 - 15:58
  • De Peije Dei fan 2013

Alle winkellju dy't meibetelje oan it ûndernimmersfûns yn Drachten moatte wat te sizzen krije oer de ynfolling fan it strjitfestival Peije Dei. Dat fynt Ha&Ie, de feriening fan winkellju yn Drachten. Sûnt juny ferline jier moatte alle winkels ferplicht bydrage oan it fûns. Peije Dei belibbe dit jier syn 38ste edysje. Der kamen tusken de 15.000 en 20.000 besikers. In ferfolch waard lykwols ûnwis, troch it opstappen fan organisator Jan IJsbrandy. De bemuoienis fan oare winkellju wie dêrfoar krekt in belangryk argumint.

Klaas Braaksma fan de PR-kommisje fan Ha&Ie fynt it ûnbesteanber as Peije Dei net trochgean soe. Hy seit dat Ha&Ie it draachflak foar it festival grutter meitsje wol. Ek soene der jonge ûndernimmers by belutsen wurde moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)