Meiprate oer namme nije fúzjegemeente Noardwest-Fryslân

26 maaie 2015 - 16:15

Ynwenners fan It Bilt, Frjentsjerteradiel, Littenseradiel en Menameradiel meie meiprate oer de namme foar de nije gemeente dy't ûntstiet as de fjouwer de lapen gearsmite. Dat sil wêze yn 2018.

It hiele proses fan it betinken fan in nije namme begjint offisjeel no tongersdei. Fan 't simmer wurde trije nammen útsocht. Dêr mei elk dy't dat wol, ien út kieze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)