Meiprate oer jeugd en gesin

05 jul 2009 - 11:08

Ynwenners fan it Bilt kinne meiprate oer hoe't sij fine dat in Sintrum foar Jeugd en gesin der útsjen moatte. Alle gemeenten krije sa'n sintrum, mar op in soad plakken moatte se noch hielendal opset wurde.

Op it Bilt kinne minsken der oer meiprate, yn spesjaal gearstalde burgerpanels. Mei de útkomsten fan de gesprekken kin de gemeente krekt sjen wêr't ferlet fan is en wat minsken ferwachtsje fan in sintrum foar jeugd en gesin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)