"Meiprate oer besteging reklamebelesting yn Dokkum"

30 mrt 2015 - 12:20
  • De binnenstêd fan Dokkum

Winkels yn Dokkum dy't reklamebelesting betelje, moatte ek mei útmeitsje kinne wêr't dat jild oan bestege wurdt. Mei dat foarstel komt de ûndernimmersferiening yn de stêd.

Undernimmers yn Dokkum moatte sûnt 2011 reklamebelesting betelje. De gemeente hat de regeling no tsjin it ljocht hâlden. Dêr docht út bliken dat winkeleigeners oer it generaal tefreden binne oer wat der mei de opbringst fan de reklamebelesting dien wurdt. Se wolle wol mear ynspraak hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)