Meiprate mei D66 oer lânsdiel

08 mrt 2013 - 21:07
  • Magda Berndsen

D66 Fryslân is op landsdelen.nl begûn mei in diskusjeplatfoarm oer de fúzje fan provinsjes ta lânsdielen, lykas minister Plasterk fan ynlânske saken wol. Op dat online platfoarm kinne benammen Friezen meiprate oer it ûnderwerp, mar ek minsken bûten de provinsje binne wolkom om mei te dwaan.

Dat D66 mei dit inisjatyf komt liket wat nuver, want lanlik stiet yn it ferkiezingsprogramma dat de partij foar lânsdielen is. Mar neffens it Fryske D66 Keamerlid Magda Berndsen kin dat feroarje as de Fryske ôfdieling genôch oare D66 leden meikrijt.

De Fryske ôfdieling fynt ek dat it wichtich is om goeie arguminten te sammeljen. Dy kinne dan brûkt wurde yn de diskusje mei minister Plasterk oer de takomst fan de provinsjes. Want it beslút wurdt úteinlik yn Den Haach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)