Meinsma yn ried Dongeradiel

27 jun 2011 - 13:42

De 57-jierrige Ernst Meinsma út Nes komt yn de FNP-fraksje fan de gemeente Dongeradiel. Tytsy Willemsma is nei Brussel gien. Yn har plak is Pytsje de Graaf wethâlder wurden. Sa kaam der in plakje frij yn de fjouwermansfraksje.

Meinsma is al jierrenlang lid fan de FNP. Neffens de fraksje is er as bestjoerslid goed op 'e hichte fan it politike lânskip yn Dongeradiel en de regio.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)