Meine Scheweer wurdt de nije foarsitter fan Lânskipsbehear

26 nov 2015 - 10:00
  • Meine Scheweer

Meine Scheweer folget mei yngong fan 16 desimber Marian Jager op as foarsitter fan Lânskipsbehear Fryslân. Scheweer wie hjirfoar ûnder oaren wethâlder fan de gemeenten Hearrenfean en Boarnsterhim.

Dêrneist wie Scheweer belutsen by de oprjochting fan it Lânskipsfûns Oranjewâld-Ketlik en wie er der jierrenlang bestjoerslid. Jager hâldt op as foarsitter om't dy funksje net te kombinearjen is mei har baan as bestjoerslid by Wetterskip Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)