Meikoarten beslút oer ferfier

09 maaie 2005 - 10:27

Provinsjale Steaten moatte woansdei oer in wike besjen oft se it iens binne mei de nije plannen fan it provinsjebestjoer foar it iepenbier ferfier. In buro hat fan it bestjoer opdracht krigen om ekperts en belutsenen te freegjen nei har miening.

Op grûn dêrfan is in plan foar de kommende jierren gearstald. Der moatte dan allinnich noch bussen ride op plakken en tiden wannear't der oantoanber ferlet fan is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)