Meielkoar foar greidefûgels

05 feb 2011 - 11:25

Foar it behâld fan de greidefûgels moatte boeren en organisaasjes lykas it Fryske Gea en Natuermonuminten noch mear meielkoar oplûke yn en om goede greidefûgelgebieten. Dat docht bliken út in koartlyn bekend makke ûndersyk. Dêrby is foaral sjoen nei it saneamde mozaykbehear.

By dizze foarm fan behear litte boeren by it meanen hoeken gers stean dêr't benammen jonge fûgels yn oerlibje kinne. Mar dat is net genôch neffens it ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)