Meielkoar aksje foar treinen

20 nov 2011 - 15:59

De provinsje, Arriva en Konsuminte-organisaasjes moatte mei elkoar ien foest meitsje tsjin it Ryk om yn de takomst fjouwer treinen yn de oere tusken Ljouwert en Swolle te krijen. Dat seit direkteur Anne Hettinga fan ferfiersmaatskippij Arriva. Op dit stuit ride der noch twa treinen yn't oere. De provinsje en Arriva wolle dat graach ferdûbelje.

Minister Schulz van Haegen fan ferkear hat ôfrûne freed lykwols witte litten dêr neat foar te fielen. Ta argewaasje fan de belutsen partijen, lykas Arriva-direkteur Anne Hettinga. Hy ropt Fryslân op om mei de provinsjes Oerisel, Gelderlân en Brabân de minister te bewurkjen. Ek yn dy provinsjes binne bepaalde winsken yn it iepenbier ferfier net oernommen troch Schulz van Heagen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)