Mei swimbantsjes nei gemeente

29 jun 2007 - 10:03

Alders mei soargen oer de komst fan in nij swimbad yn Grou komme mei opblaasbantsjes nei de iepening fan it fernijde gemeentehûs fan Boarnsterhim. It âlde swimbad wurdt sloopt, der soe in nij swimbad foar yn it plak komme. Troch de jildpine by de gemeente geane de âlders der fanút dat it nije swimbad der net komt.

Neffens in wurdfierder fan de gemeente is hielendal net besletten om de bou fan in nij swimbad te skrassen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)