Mei stek en al fan balkon fallen

05 jul 2003 - 00:00

Twa jonge Ljouwerters binne freed fan in balkon yn 'e Fruitstrjitte fallen. It famke (19) wie mei har freon oan it mâltjirgjen. Se linen tsjin de izeren ballustrade, dy liet los en it duo foel 3 meter nei ûnderen op in plat dak. Dêrby rekken se ferwûne. In heechwurker fan 'e brânwacht moast deroan te pas komme om harren derôf te heljen. De flat wurdt sloopt of opknapt en sadwaande wurdt der al tiden neat dien oan ûnderhâld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)