Mei sonar sykje nei kontainers

11 nov 2007 - 12:39
  • Troch it stoarmwaar fan freed sloegen de kontainers fan it skip ôf

De kâns is grut dat der kommende wike sonarapparatuer ynsetten wurdt om de 45 kontainers te finen, dy't freed op de Noardsee mei de stoarm fan it skip de Antares waaid binne.

De kustwacht hat sneon noch socht mei in helikopter en in fleachtúch, mar dat hat neat opsmiten. Ek snein binne de kontainers noch net sjoen. Der binne ek noch gjin kontainers oanspield. Der moat noch besjoen wurde wa't de sykaksje betelje moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)