Mei skokt troch dea Jackson

26 jun 2009 - 13:24
  • De Ljouwerter Xiao Mei yn de fideoklip fan 'Bad'

Dûnser Xiao Mei, de âld-Ljouwerter dy't mei Michael Jackson meispile yn de fideoklip fan de hit Bad, is skokt en oandien troch de dea fan de artyst. Neffens Mei wie Jackson hiel minsklik en aardich. Jackson naam goed de tiid foar syn dûnsers en prate mei harren graach oer syn wurk. It wie neffens Mei, dy't no in saak yn Sina hat, in fantastyske erfaring.

Xiao Mei hie Jackson graach in come back gunt, sa dat dizze sjen litte koe hoe goed oft hy wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)