Mei sin oer fyts hinne ride

02 mrt 2014 - 12:11

De plysje hat sneontenacht by Kleaster Lidlum in man fan 25 jier út Hoarn oanhâlden foar bedriging en fernieling. Twa jonge froulju fan 17 jier hienen him moete yn in gelegenheid oan de Mûntsewei. Dêrnei bedrige er harren ferbaal, stapte yn de auto en ried oer in fyts fan ien fan de fammen hinne.

De fammen hawwe oanjefte dien by de plysje. Dy hâlde de man oan yn in wenning yn de gemeente Frjentsjerteradiel. It die bliken dat er dronken hie. Hy is ynsletten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)