Mei munten betelje by de PC

21 jul 2014 - 15:11
  • Jild

Besikers fan de PC kinne dit jier yn de hoareka net mei kontant jild betelje. Der wurdt dit jier wurke mei konsumpsjemunten. Hjirmei hoopje de dielnimmende kafees de wachttiid te ferkoartsjen.

De munten kinne sawol yn de kafees sels as by de hoareka op It Sjûkelân ynlevere wurde. De hoareka wurket sawol op tiisdeitejûn as op de PC-dei op woansdei mei de konsumpsjemunten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)