Mei min waar Frysk Strjitfestival dochs slagge

01 jun 2015 - 09:43
  • Rein by it optreden fan Kovacs op it Frysk Strjitfestival
  • in wiet Gouverneursplein

It Frysk Strjitfestival yn Ljouwert is it ôfrûne wykein goed ferrûn, ek al wie it waar benammen snein net bêst. It festival wie yn totaal op 15 lokaasjes yn de stêd te sjen. Blikfanger wie ûnder mear Circus Ronaldo op it Saailân. It sirkus wie freed- en sneontejûn folslein útferkocht.

Foar takom jier is no al dúdlik dat de winner fan de Van der Eems publykspriis, Tweede Verdieping, wer weromkomt. Ek de publykswinner fan ferline jier, Cia Plaf!, is dan wer te sjen.

De kappers út Argentinië soenen dit jier al wer komme, mar ien fan de kappers is swanger.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)