Mei mes bedrige

16 apr 2013 - 10:46

In 26-jierrige Ljouwerter hat moandeitejûn twa plakgenoaten fan 19 jier mei in mes bedrige. Dat wie yn de Noordendorpstrjitte. Ien fan de slachtoffers hie de fertochte in pear dagen ferlyn trapearre by winkelstellerij.

Neffens de plysje wie de man op syk nei ferjilding. Hy bedrige syn beide slachtoffers en sette ien fan har in mes op de kiel. De twa wisten te ûntkommen en warskôgen de plysje. Dy koe de fertochte eefkes letter oppakke. It mes dat by him fûn waard, is yn beslach naam. De fertochte sit fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)