Mei luchtbêd Noardsee op

26 jul 2006 - 16:17

Trije jongeren fan 16 jier út Noard- Grinslân wiene tiisdei fan it strân fan Skiermûntseach ôf op in luchtbêd seker 200 meter út de kust wei dreaun. Se hiene dat sels net yn de gaten. Freonen hawwe it earst even oansjoen, mar bellen doe dochs de plysje.

De plysje hat de sirene en it swaai- ljocht fan in tsjinstauto oanset. De trije jongeren binne doe op eigen krêft werompeddele nei it strân. De wyn stie gelokkich ek geunstich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)