Mei legerauto's troch Ljouwert

15 apr 2012 - 13:51

Op Fryske befrijingsdei kinne leafhawwers fan âlde legerauto's in tochtje meitsje troch de Ljouwerter binnenstêd. De auto's fan 'Keep them Rolling' ride yn it ramt fan it museumwykein fan if Aldehoustertsjerkhôf ôf rûntsjes lâns de ferskate Ljouwerter musea dy't oan it museumwykein meidogge. Ien fan dy musea is de Aldehou.

By it Frysk Natuermuseum wie it yn 'e rin fan 'e middei sa drok dat it museum gjin nije besikers mear talitte koe. De leafhawwers moasten foar it museum wachtsje oant der wer minsken nei bûten kamen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)