Mei krisispas rampgebiet yn

27 mrt 2007 - 15:20

Helpferlieners by rampen yn fyftjin Fryske gemeenten krije in krisispas. Dêrmei kinne se in ôfsletten gebiet yn komme. By in ramp mei net elkenien sa'n gebiet yn.

De pas is betocht troch de gemeente Opsterlân. Korpssjef Berndsen fan de Fryske plysje jout boargemaster Heldoorn woansdei it earste eksimplaar. Doel is dat alle Fryske gemeenten de pas brûke sille. Fryslâns is de earste noardlike provinsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)