Mei kraanwetter ûnderweis

04 jun 2014 - 21:45
  • Yn Boalsert kin men tenei de fleskes folje mei kraanwetter
  • Yn Boalsert kin men tenei de fleskes folje mei kraanwetter

Boalsert hat in primeur mei it earste duorsume wetterpunt fan Súdwest-Fryslân. Op de hoeke fan it Marktplein en de Appelmarkt kin men tenei de bidons en fleskes folje mei farsk kraanwetter. It wettertappunt is oanbean troch de Rotaryklup van Boalsert yn it ramt fan syn 50-jierrich bestean. Doel fan sa'n wettertappunt is om it drinken fan kraanwetter te stimulearjen, omdat dat like lekker en sûn is as wetter út fleskes. Dêrneist it sa'n 1000 kear better foar it miljeu as flessewetter.

Kommende sneon wurdt it wettertappunt offisjeel yn gebrûk nommen. It wetterpunt is ûntwikkele troch in organisaasje dy't him dwaande hâldt mei de earlike ferdieling fan wetter oer de wrâld. Tagelyk mei it wetterpunt yn Boalsert wurdt der ek sa'n wettertappunt yn in ûntwikkelingslân pleatst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)