Mei hynstetram troch Ljouwert

07 jun 2014 - 13:43
  • De hynstetram op de Prins Hendrikbrêge

Yn Ljouwert set sneon as nije toeristyske attraksje in hynstetram útein. Op de Prins Hendrikbrêge yn Ljouwert kinne minsken sneontemiddeis alle healoeren opstappe foar in rûntsje troch de stêd, mei hynder en wein. Yn de tram giet in stedsgids mei, dy't fertelt wat ûnderweis oan bysunderheden te sjen is.

Wethalder Isabelle Diks hat it startskot jûn foar de earste rit. Sy sil de earste rit ek meiride. De hynstetram is in inisjatyf fan de kiosk dy't op de Prins Hendrikbrêge stiet. Dy is op Keningsdei offisjeel iepene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)