Mei hân ûnder SRV-wein

31 jul 2001 - 00:00

In 15-jierrige jonge út Ljouwert is moandei ferwûne rekke doe't er tsjin in SRV-wein oanklapte. De jonge woe de SRV-wein oan de rjochterkant ynhelje. Hy bleau lykwols heakjen en foel op 'e dyk.

Hy kaam mei syn hân ûnder it tsjil fan de wein telâne. De SRV-bestjoerder hie de jonge net sjoen. De jonge hie in iepen fleiswûne en moast nei it MCL.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)