Mei geweld fan tas bestellen

25 aug 2014 - 10:18
  • (foto-ympresje)

In frou fan 45 jier fan It Hearrenfean is sneintenacht mei geweld fan har tas bestellen. Se rûn fanút it sintrum fia de Stasjonstunnel nei it Zetveld. Yn ien fan de stegen stie in man. Dy sloech har en pakte dêrnei har tas ôf.

It slachtoffer is noch achter de man oangien, mar op de Haskerútgong wie se him kwyt. Doe't de frou om help rôp, holpen buertbewenners har. Sy warskôgen ek de plysje. Dy hat noch socht de man, mar koe him net mear fine.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)