Mei gaspistoal yn loft sketten

10 mrt 2012 - 12:26

De plysje hat yn Noordhorn yn Grinslân twa bruorren fan 18 jier út Bûtenpost oanhâlden. Se soene oare jongeren mei in gaspistoal bedrige hawwe. It 13-jierrige suske fan de bruorren hie al in skoft spul mei jongeren dy't by har op skoalle sitte. De bruorren giene nei Noordhorn en skeaten in pear kear yn 'e loft mei wat op in echt pistoal like.

De alarmearre plysje koe it twatal yn Bûtenpost oanhâlde. Dêr is ek in gasalarmpistoal yn beslach naam. De bruorren binne ynsletten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)