Mei ferkearsboerd op 'e rin

07 aug 2001 - 00:00

De plysje hat tiisdei yn Snits in auto mei twa manlju út Hylpen en Ljouwert oanholden. Sy hiene in ferkearsboerd stellen mei de peal der noch oan. Tsjûgen mienden dat it om in fyts gie. Doe't de plysje de twa oanhold, die bliken dat se in ferkearsboerd yn 'e auto hiene.

De Hylper hie te folle drank op. Boppedat wie syn rydbewiis net jildich en hie er noch in boete fan 500 gûne stean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)