Mei drugs op achter it stjoer

24 jul 2009 - 10:47

De plysje hat tongersdei yn Reduzum in man út Grou oanhâlden omdat er ûnder ynfloed fan drugs achter it stjoer siet. De plysje hie in melding krigen dat de man op de Ayttawei hielendal oerstjoer yn syn auto siet. Doe't se der kamen, lei de man te sliepen en stie de auto midden op de dyk.

De plysjes fûnen twa fleskes mei nei alle gedachten GHB deryn. De man is meinaam nei it buro. Dêr bekende er dat er GBH en kokaïne hân hie. Syn rydbewiis is yn beslachnaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)