Mei draak de loft yn

20 apr 2008 - 12:55

In 23-jierrige Drachtster is sneon ferwûne rekke by it draakjefleanen. Hy wie syn nije 'vlieger' oan it úttesten doe't in hurde wynpûster it ding omheechluts. De man gie mei omheech en fleach sa'n 15 meter troch de loft.

Dêrnei ferlear er de kontrôle oer de draak en foel er nei ûnderen. De Drachtster is foar ûndersyk oerbrocht nei it sikehûs yn syn wenplak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)