Mei DNA ynbraken oplost

07 feb 2011 - 10:32

Mei help fan DNA hat de plysje trije ynbraken oplost. Der binne twa Ljouwerters fan 32 en 31 jier oanhâlden. It giet om trije ynbraken by in winkel oan it Cambuurplein tusken augustus en desimber ferline jier. De plysje kaam de Ljouwerters op it spoar troch DNA-materiaal op it plak.

De fertochte manlju hawwe bekend. Nei ferhear binne se frijlitten. Der is wol in proses-ferbaal tsjin harren opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)