Mei de zeppelin nei Skylge

15 jun 2006 - 06:09

Takom jier sil mooglik op proef in zeppelin tusken Harns en de Waadeilannen fleane. De proef duorret fjouwer wike. Doel is om te sjen oft sa'n attraksje yn Fryslân út kin.

It idee komt fan it Toeristysk Platfoarm Noardwest-Fryslân. De organisaasje wol de zeppelin hiere. Se binne noch op syk nei bedriuwen dy't reklame meitsje wolle op it loftskip. De zeppelin is 75 meter lang en 20 meter heech.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)