Mei de pendelbus nei Thialf

06 feb 2007 - 22:01

Der komt dit wykein in ein oan de parkearoerlêst yn de omkriten fan iisstadion Thialf op it Hearrenfean. Omwenners kleiden dêr al langer oer.

Omdat de gemeente sein hat dat de oerlêst streng oanpakt wurde sil, set Thialf by it WK-reedriden pendelbussen yn. Minsken moatte har auto by it drafsintrum yn Wolvegea parkeare en wurde dan mei de bus nei it iisstadion brocht. Dat kostet har twa euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)