Mei de 'OV-coach' nei skoalle

26 mrt 2013 - 10:33

De gemeente Tytsjerksteradiel set yn maaie útein mei in ekspiriment mei de OV-coach foar it learlingeferfier. De learlingen dy't meidogge geane no noch mei de taksy. Yn it projekt krije se in iPod mei in spesjale applikaajse derop. De 'OV-coach' app is eins makke foar minsken mei autisme, mar kin ek brûkt wurde as OV-help foar bern.

De gemeente hopet mei it projekt de kosten foar it learlingeferfier werom te bringen. It soe ek goed wêze foar de selsstannigens fan de bern. Tytsjerksteradiel is de twadde gemeente dy't mei de OV-coach wurket.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)