Mei de karavan oer de kop

08 aug 2009 - 11:53

In sneu ein fan 'e fakânsje sneontemiddei foar in famylje út Surhústerfean. Op de weromreis rekke de bestjoerder by Hoogeveen de macht oer it stjoer kwyt. De auto mei karavan sloech oer de kop.

De húshâlding fan heit, mem en twa bern, kaam mei de skrik frij. Allinich de man hie in pear lytse ferwûnings. De mem wist mei help fan tsjûgen de bern út harren stuoltsjes te befrijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)