Mei boatsje de grêft leechhelje

21 jan 2003 - 00:00

Fryslân Miljeu hellet sûnt koart mei in boatsje smoargens út 'e grêften fan Ljouwert. Dit is in nije wize fan skjinmeitsjen. Gruttere stikken rotsoai lykas fytsen wurde net opfiske, want dat kin it boatsje net hawwe. It guod wurdt yn in metalen bak dumpt, dy't letter op it stoart lege wurdt.

Mar ek omtoarkjende smoargens op strjitte wurdt net fergetten. Yn april sille 2000 skoalbern de buert yn om de troep byinoar te fandeljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)