Mei autopet oer Ofslútdyk

21 apr 2012 - 14:53
  • Ofslútdyk

Sa'n 70 minsken dogge sneon mei oan de tocht mei de autopet oer de Ofslútdyk. Om 13.00 oere gong de earste fan start by de slûzen fan Den Oever en de folgjende dielnimmers kamen dêr hieltyd in heale minút achteroan. De dielnimmers komme út Nederlân, mar ek út it bûtenlân. Jongeren ride in ôfstân fan 15 kilometer, senioaren en feteranen moatte 37 kilometer ôflizze. De finish is by de kamping Zeehoeve yn Harns. De tocht wurdt foar de 30ste kear hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)