Mei auto tún ynriden

24 jan 2009 - 14:50

In 37-jierrige man út Feanwâlden en in 20-jierrige Damwâldster binne yn de nacht fan freed op sneon oanholden, neidat se mei harren auto oan de Halewei yn Damwâld yn in tún bedarre wiene.

Der wie drank yn it spul, mar it wie net dúdlik wa't de auto bestjoerd hie. Dêrom binne se beide oanhâlden. De 37-jierrige man moast syn rydbewiis ynleverje en krige in rydferbod fan seis oeren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)