Mei auto de sleat yn

23 des 2012 - 16:50

Op de Lauwersseewei by Dokkum is sneintemiddei in auto yn de sleat bedarre. De bestjoerder (20) út Dokkum sei dat er in black-out hân hie en dat er mei in faasje fan 70 kilometer yn de oere fan de dyk rekke. Hy is foar ûndersyk nei it sikehûs brocht.

Op de A7 by De Tynje/Tsjalbert is snein ek in auto mei folle feart de sleat yn riden. De ynsittenden binne derút helle en net ien rekke ferwûne. By it bergjen fan de auto is in file fan in pear kilometer ûntstien mei stadich ridend ferkear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)