Mei 70 km tusken minsken troch

13 jun 2011 - 16:02

In 46-jierrige motorrider út Tsjerkgaast koe pinkstersnein de middeis syn rydbewiis ynleverje. Hy wie mei 70 kilometer yn de oere tusken twa minsken trochriden. De plysje seach de man earst mei 120 kilometer oer de Gaastwei en de Spannenburgerdyk riden en hâlde him doe op 'e kuer.

Neidat de man syn gefaarlike stunt mei de twa kuierders úthelle hie, hâlde de plysje him op de Kanaalsdyk oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)