Mei 326 km/oere oer de Ofslútdyk

16 aug 2006 - 10:32

Tiisdeitemoarn ried foar it earst yn de skiednis in Formule 1-wein oer de Ofslútdyk. Formule 1-coureur Robert Doornbos helle op de A7 in snelheid fan 326 kilometer yn 'e oere. Foar Robert Doornbos wie it in jongesdream om mei in Formule 1-auto oer de Ofslútdyk te racen.

Doornbos is in pear kear hinne en wer riden tusken Den Oever en it monumint. Hy is by dizze aksje ek flitst. Hoe heech de boete is, is noch net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)