Mei 212 km/oere oer de autodyk

04 feb 2008 - 11:31

De plysje hat sneintemiddei by Snits in 48-jierrige autobestjoerder út it Noardhollânske Breesân fan de dyk ôfhelle. De man waard mei syn Porsche op de A7 by Twellingea troch plysjes mei in kamerasurveillânsewein snapt. Hy ried 212 kilometer yn de oere.

De man waard achterfolge troch in motorplysje. By Snits hâlde de rappe autorider ho. De Noardhollander koe fuortendaliks syn rydbewiis ynleverje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)