Mei 200 km troch Lemster baai

09 nov 2009 - 12:03
  • De powerboat fan Miami Vice is no op 'e Lemmer

Der moat in Formule 1-race foar powerboaten hâlden wurde yn de baai fan De Lemmer. Dat plan hat de Yacht Club Lemmer. Op it stuit wurdt ûndersyk dien nei de helberens. As de plannen trochgean, soene de races yn de simmer fan 2011 of 2012 plakfine.

De speedboaten kinne 200 km de oere farre. De Yacht Club Lemmer sjocht it as in moaie promoasje foar de haven en De Lemmer. It plan is ûntstien doe't Bas Verheul de orizjinele speedboat fan Miami Vice nei De Lemmer helle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)