Mei 181 km oer de A32

07 nov 2009 - 14:02
  • De plysje kontrolearret hiel geregeld mei de lasergun

In automobilist (24) út Nijkerkerveen moast freed syn rydbewiis ynleverje, omdat hy mei 181 km oer de sneldyk by Aldeholtwâlde ried. De plysje kontrolearre dêr mei help fan in lasergun. De man út Nijkerkerveen koe by Wolvegea oanholden wurde. Der is proses-ferbaal opmakke. Op de sneldyk A32 is 120 kilometer tastien.

By in ferkearskontrôle yn Noardwest-Fryslân waarden 32 bekeurings útdield oan bromfytsers dy't te hurd rieden en autoriders dy't de gordel net om hiene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)