Mei 170 km oer de Wâldwei

23 aug 2007 - 12:05

Op de Wâldwei by De Tike is woansdei in 46-jierrige automobilist út Jobbegea syn rydbewiis kwytrekke. Hy ried 170 km yn 'e oere, wylst dêr 100 tastien is. De automobilist krige ek noch in proses-ferbaal.

Twa oare autobestjoerders rekken woansdei harren rydbewiid kwyt foar dronken riden. Yn Harns botste in man mei syn auto tsjin in lampepeal en op 'e Westerein skeat in dronkeman mei syn auto fan 'e Kúkhoarnsterwei ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)