Mei 156 km yn de oere oer Heak fan Ljouwert

17 apr 2015 - 07:25

De plysje hat tongersdeitejûn in 21-jierrige hurdrider út Ljouwert oanhâlden. De man waard trappearre doe't er op de Heak fan Ljouwert 156 kilometer ried. Dêr is 100 it maksimum.

Gewoanwei wurdt dan it rydbewiis yn beslach naam, mar dat koe dizze kear net. De man wie syn rydbewiis earder al kwytrekke fanwege riden mei drank op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)