Mei 140 oer in 30-km-dyk

09 maaie 2009 - 14:35

In man (53) út De Wylgen is oanhâlden foar gefaarlik riden mei drank op. De plysje seach him freedtenacht yn Drachten oer De Lauwers fleanen. Doe't se him oanhâlde woene, naaide er út mei 140 op in 30-km-dyk. Underweis feroarsake de man hast twa kear in ûngelok.

De plysje hâlde de man doe op ôfstân yn 'e gaten. Op 'e Slúswei sette er de auto del en naaide út. De plysje fûn de man mei help fan in speurhûn en hat him oerbrocht nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)