Mei 137 km lâns Dearsum

20 maaie 2013 - 10:17
  • Dearsum

De plysje hat sneintejûn by Dearsum it rydbewiis ynfoardere fan in 26-jierrige motorrider út Ljouwert. De man ried oer de N354 yn de rjochting fan Dearsum mei in snelheid fan 137 kilometer de oere. Dy snelheid waard metten op in plak dêr't 80 kilometer de oere de maksimumsnelheid is.

De ôfrûne wike frege doarpsbelang Dearsum de plysje noch om ekstra ferkearskontrôles omdat neffens harren in soad ferkear fierstente hurd lâns en troch harren doarp rydt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)